Feestsangkje. 1901

Feestsangkje.

Wijze: Daar gaat nu mijn Kloris vol moed met zijn vrinden.


Lit nou ús de soargen in poaske forjitte

Wij meije sa fleurich hjir by enoar sitte;

Hwa wit it honear ús dit wer bare mei?

Dit is dôch gjin pretsje fen kom alledei.


Lit dompers mar grine, lit dwersdriuwers tsiere,

Lit oaren yn tsjustere saken omriere;

Lit ús ljeaver sjonge, hwent haters fen sang

Binn' haters fen 't goede, dat witte wy lang.


Wy moatte alle dagen safolle biskreppe,

For'n hopen bilangen ús warre en ús reppe,

Nou binn' wij ris efkes fen 't ketting en frij

Op 't feest fen üs Boalserter prijskolverij.


En dêrom, goe freunen, lit fleurich ús sjonge;

Helje op mar, mei oandrang, lit los mar de tonge!

Wy hoopje, dat dit yette faken hjir nei

Op 't feest fen ús kolven ús wer barre mei.


Bron: Stadsarchief Amsterdam, inventaris M.D. Kalker, Do Smit


Download

Volledige tekst in oorspronkelijke uitvoering (zie bijlage; pdf, 10.2 MB)